40 moanne sel foar poaier

22 apr 2011 - 14:34

It gerjochtshôf hat yn heger berop de Ljouwerter poaier dy't seks hie mei twa famkes fan 14 en 15 jier 40 moanne selstraf oplein. De famkes woene as staazje yn de prostitúsje wurkje.

Foardat de man (35) se mei klanten yn kontakt brocht, hie hy sels seks mei de famkes. De rjochtbank feroardiele de man ta twa jier sel, mar fûn him net skuldich oan frouljushannel. Dêrom gie it Iepenbier Ministearje yn heger berop. It gerjochtshôf fynt dat der wol sprake is fan minskehannel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)