40 km te hurd by Kollumerpomp

27 feb 2008 - 10:15

In automobilist út Noardburgum is tiisdei oppakt foar fierste hurd riden yn Kollumerpomp. De man ried yn syn auto mei 120 yn 'e oere oer de Kwelderwei, wylst 80 dêr it maksimum is. Hy hie boppedat hie gjin rydbewiis by him, omdat er dat kwytrekke wie.

De Noardburgumer krige in bekeuring foar te hurd riden en riden wylst er dat offisjeel net mocht. As de plysje him wer riden sjocht, rekket er syn auto kwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)