40 ekstra plysjes foar Fryslân

24 jan 2013 - 19:38
  • Oscar Dros, de nije plysjesjef fan Noard-Nederlân

Fryslân krijt der hast 40 nije wykaginten by en giet dêrmei fan 90 nei 130. Grinslân moat 40 ynleverje. Dat seit de nije plysjesjef fan Noard Nederlân, de 50-jierrige Oscar Dros fan Appelskea. Dros is op 1 jannewaris yn syn nije funksje begûn. Doe binne de plysjes fan Fryslân, Grinslân en Drinte byelkoar kommen. Dros fynt it belangryk dat der yn Fryslân mear wykaginten komme, dy't potinsjele problemen gau fernimme en oplosse kinne.

Ek yn Drinte komme der in pear wykaginten by, mar net safolle as yn Fryslân. Lanlik jildt de noarm fan 1 plysjeman op 5000 minsken. Dêr sit Fryslân no noch ûnder.

Dros docht syn tasizzing yn in eksklusyf petear mei Omrop Fryslân. Dêryn lit Dros ek trochskimerje dat der mooglik opnij snijd wurde moat yn it tal plysjeburo's. No hat Fryslân noch alve plysjeteams, dat wurde der skielk seis: Harns, Dokkum, Drachten, Snits, Ljouwert en It Hearrenfean. Dros seit dat foar it dwaan fan bygelyks oanjeftes tsjintwurdich ek in soad oare mooglikheden binne, sa as oanjefte fia ynternet. Soms komme plysjeminsken ek thús om in oanjefte op te nimmen.

De plysje Noard Nederlân hat ûngefear 4000 meiwurkers. Dêr komme de kommende jierren noch ûngefear 80 by foar de trije provinsjes. De kommende tiid wachtet noch in grutte reorganisaasje, dêr't in soad plysjeminsken noch in nije funksje by krije. Wat foar konsekwinsjes dat hat - bygelyks foar de plysjekantoaren yn Ljouwert - is neffens Dros noch net te sizzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)