40 boerebedriuwen blokkeard

05 nov 2004 - 10:53

Sa'n 40 Fryske feehâlderijen ha te krijen mei de blokkade dy't minister Veerman fan lânbou opleit fanwege dioksine yn it feefoer. In part fan de bedriuwen sit noch hieltiten op slot; oaren binne nei ûndersyk wer frijjûn.

De saak kaam oan it rôljen doe't dioksine fûn waard yn molke fan in boer yn Lelystêd. De dioksine komt út jirpelresten fan patatfabryk McCain. Meiinoar binne yn hiel Nederlân 162 pleatsen op slot set.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)