40 boaten yn Solar Challenge

01 mrt 2012 - 15:36

Dizze simmer dogge sa'n 40 boaten mei oan de Frisian Solar Challenge. De dielnimmers út binnen- en bûtenlân ferskine 8 july yn Ljouwert oan de start om de tradisjonele rûte by de Fryske Alvestêden del ôf te lizzen. De race wurdt om it jier hâlden, yn 2010 diene der noch hast 50 boaten mei.

Under de dielnimmers binne teams út Brazilië, Sina, Finlân en Amearika. It is de fjirde kear dat de Frisian Solar Challenge plakfynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)