4 útlitplakken op it H´fean

23 jan 2009 - 11:47

De gemeente Hearrenfean hat yn fjouwer wenwiken yn de beboude kom fan It_Hearrenfean plakken oanwiisd dêr´t hûnen útlitten wurde kinne. De gemeente wol dêrmei temjitte komme oan de winsk fan hûnebesitters. De ried hat besletten dat der gjin spesjale útlitplakken komme, mar der soe wol sjoen wurde nei plakken dêr´t hûnen losrinne kinne.

Dy plakken wurde oanjûn mei buorden. De hûn mei dêr losrinne, mar de eigners moatte de stront wol oprêde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)