4 tosken sneuvele by slaanderij

23 des 2002 - 00:00

In 36-jierrige man út Twizelerheide is sneontenacht mishannele yn syn wenplak. De man spruts twa mannen oan dy't spul makken yn in hoarekagelegenheid. In tredde man bemuoide him mei de rûzje, pakte in barkruk en sloech dêrmei de man út Twizelerheide tsjin de holle.

De man mist fjouwer tosken en is oerbrocht nei it sikehûs. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)