4 plannen Ofslútdyk ynlevere

01 des 2008 - 15:46
  • De Ofslútdyk giet foar in soad jild oer de skop...
  • boarne: Google earth

Fjouwer bedriuwskonsortsia ha moandei har definitive plannen foar de takomst fan de Ofslútdyk ynlevere by steatssiktaris Huizenga fan ferkear en wettersteat. Dy sil de fjouwer plannen mei in spesjale stjoergroep besjen en oer likernôch in jier in beslute hokfoar plan útfierd wurdt.

Huizenga hat ien miljard euro oer foar in plan dat de Ofslútdyk klearmakket foar de kommende 50 jier. Ien fan 'e plannen komt fan Oranjewoud en arsjitekteburo GDA fan Burdaard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)