4 miljoen Nuon-jild nei SWF

28 jan 2014 - 17:28
  • It stedhûs fan Boalsert

De gemeente Súdwest-Fryslân krijt goed 4 miljoen euro fan de provinsje út de Nuon-jilden. De gemeente hie al langer frege om jild út de opbringst fan de ferkeap fan de enerzjy-oandielen. No krije se it ek. Dat betsjut dat Súdwest-Fryslân lang om let fierder kin mei fjouwer nije projekten.

It giet om de restauraasje fan stedhûs Boalsert, it oanpakken fan de Dryltsterkade yn Snits, it opsetten fan in nij toeristysk netwurk yn Súdwest-Fryslân en de oanlis fan de rûnwei by Himmelum.

It lêste projekt sil de gemeente Súdwest-Fryslân dwaan yn oparbeidzjen mei de Fryske Marren. Mei subsydzjes en eigen jild kostje de fjouwer projekten mei-inoar sa'n 9 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)