4 miljoen foar Appelskea

18 mrt 2014 - 07:27
  • Appelskea

De provinsje stekt goed 4 miljoen euro yn Appelskea. Dat is mooglik troch meifallers by de oanbesteging fan de N381 en in bydrage út it potsje fan de streekaginda. It jild wurdt brûkt om ûnder oare it Boskberchgebiet fierder te ûntwikkeljen, de turfrûte út te djipjen en it fytspadenetwurk út te wreidzjen. De ynvestearring moat derfoar soargje dat Appelskea oantrekliker wurdt foar toeristen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)