4 maaie-keunstwurken yn Warkum

31 aug 2009 - 12:29
  • Bern dwaande mei in keunstwurk

De âldere bern op de trije basisskoallen yn Warkum binne dwaande mei trije grutte keunstwurken foar de betinking op 4 maaie yn 'e stêd. Mei-elkoar foarmje de keunstwurken in betinkingsmonumint dat ûnderdrukking, ferset en frijheid útbyldzje moat.

It 4 maaie-komitee fan Warkum fynt it wichtich dat de jongerein belutsen wurdt by de betinking. Dêrom is keazen foar de jonge keunstners. De bern binne mei keunstneresse Ruth Vulto Gaube al wiken dwaande mei it projekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)