4 lytse seehûntsjes nei kres

19 des 2008 - 16:53

De seehûnekres fan Pieterburen hat freed fjouwer lytse seehûntsjes opheind, dy't sûnder mem oantroffen waarden op Flylân en Skylge. It giet om de earste wite seehûntsjes dy't de kres fan Lenie 't Hart dit jier binnenkrige. Seehûnen jongje yn dizze tiid fan it jier.

Lytse seehûntsjes kinne de earste trije wike noch net goed swimme. Se moatte dan op 'e sânbank bliuwe en binne dan noch folslein ôfhinklik fan harren mem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)