4 jonges oppakt foar geweld

06 feb 2014 - 16:55
  • Plysje arrestaasje/oanhâlding

De plysje hat fjouwer jonges fan 14 en 15 jier út Ljouwert oanhâlden op fertinking fan stellerij mei geweld, ôfparsing en mishanneling. De fertochten foelen yn jannewaris twa oare jonges oan op it fytspaad yn de wyk Camminghabuorren.

De slachtoffers waarden klemriden en slein. By ien fan de slachtoffers waard in sigarettepeuk yn it gesicht útdrukt. De fertochten hellen iten út de tas fan de slachtoffers en ieten dat op. Pas doe't ien fan de slachtoffers syn moffen ôfjûn hie, naaide it fjouwertal út.

Alle fertochten binne fan 'e wike oanhâlden en heard op it plysjeburo. Tsjin de jonges is proses-ferbaal opmakke. It fjouwertal makket diel út fan in gruttere groep jongeren dy't foar oerlêst soarget. De plysje docht noch fierder ûndersyk en slút mear oanhâldings net út.

De wyk Camminghabuorren hat wol gauris lêst fan fernielings, stellerij yn winkels en fan fytsen. De plysje hat 35 jongeren op it each dy't lid wêze soene fan in kriminele groep. Ferskate âlden krije de kommende tiid in brief fan boargemaster Ferd Crone, dêr't de kriminele aktiviteiten fan de bern yn beneamd wurde. De gemeente hat al in groepsferbod foar de jongerein ynsteld by it winkelsintrum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)