4 jier sel foar Bosma

28 des 2012 - 17:23

Oplichter Gaatze Bosma út de Westereen hat yn heger berop fjouwer jier sel krigen. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert freed útsprutsen. Bosma is feroardiele foar mearfâldige oplichting en mearfâldige falskheid yn skrift.

By de útspraak wiene ek slachtoffers fan Bosma oanwêzich. Goed 2 miljoen moat Bosma oan in diel fan de dupearren betelje. Bosma syn advokaat woe in legere straf omdat programma's as Tros Opgelicht al in soad omtinken oan de saak jûn hawwe. It hôf fynt dat syn eigen skuld is en is dêr net yn meigien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)