4 jier sel easke foar bedriging

22 mrt 2005 - 17:30

Tsjin twa manlju fan 21 en 24 jier fan it Hearrenfean is tiisdei foar de rjochtbank fan Ljouwert fjouwer jier sel easke. De manlju hawwe ferline jier twa froulju mei in fjoerwapen bedrige. De iene frou, in ynwenster fan Almere, waard yn novimber op 'e Jouwer twongen har pinpas mei pinkoade ôf te jaan.

De oare frou fytste fan it pompstasjon Q8 nei hûs doe't se har bedrigen mei it fjoerwapen. Se naaide út en rekke dêrby ferwûne. De manlju namen har tas mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)