4 jier easke foar oerfal Drylts

17 jun 2003 - 00:00

De offisier fan justysje hat tiisdei yn Ljouwert fjouwer jier selstraf easke tsjin in 21-jierrige Snitser. De man wurdt fertocht fan 'e oerfal op in 72-jierrige frou yn Drylts op krystjûn ferline jier. De frou seach in man mei in bosk blommen foar de doar.

Doe't se iepen die, waarden de blommen har yn it gesicht treaun. De oerfaller bûn har fêst en mishannele de frou. Se ferlear hjirby har keunstgebit. De rjochtbank docht útspraak op 1 july.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)