4 Friezinnen kalinderkandidaat

23 jul 2010 - 15:14
  • Petra Cnossen (17), ien fan de kandidaten

Mar leafst fjouwer Fryske famkes meitsje kâns om op in nije boerefammekalinder te kommen. De kalinder is in inisjatyf fan de webside boerderij.nl. It giet om Petra Cnossen út Aldwâld, Gelbrich Elgersma út Weidum, Sytske Jonkman út Winsum en Hiltje Brouwer út Koufurderrige.

Alle fjouwer famkes binne troch harren freonen en famylje opjûn. Der binne op it stuit noch achttjin famkes yn de race, tolve dêrfan komme úteinlik op de kalinder foar 2011 te stean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)