4-1 ferlies Cambuur

16 okt 2011 - 14:29
  • Erik Bakker

Sportklup Cambuur hat snein mei 4-1 ferlern fan Go Ahead Eagles. Nei trije minuten skoarden de Deventenaren en krekt foar skoft kaam de thúsploech op in 2-0 foarsprong. Cambuur kaam goed út de klaaikeamer, Erik Bakker skoarde fuort nei rêst alwer syn achtste goal.

Yn de 55e minút kantele de wedstriid. Ferdigener Mart Dijkstra krige read, nei in oertreding yn it strafskopgebiet. De penalty waard benut en man fan de wedstriid Suk, makke noch de 4-1.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)