3D-toer troch Wytmarsum

20 aug 2009 - 21:30
  • Ympresje fan 'e Wytmarsumer 'augmented reality toer'

Undernimmer Gerke Boersma fan Wytmarsum is dwaande om in saneamde 'augmented reality toer' te meitsjen yn it lânskip fan Wytmarsum.

Oer in pear jier kinne toeristen dêr bûtendoar in rûte folgje mei in spesjale bril op, wêrmei't se 3D-animaasjes sjogge. Op dy wize kin der mei in kompjûterprogramma allegearre figueren en sitewaasjes yn it lânskip projekteard wurde, lykas ferhalen út de pleatslike skiednis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)