3D-kaart fan Ljouwert yn 1600

04 jan 2013 - 19:04

It Histoarysk Sintrum Ljouwert wol in 3D-kaart meitsje fan Ljouwert sa as de stêd der útseach yn de gouden ieu. It giet om in soarte fan film dy't sjen lit hoe't it strjitbyld fan Ljouwert 400 jier lyn wie. Dy 3D-kaart wurdt makke fanwege in eksposysje oer Ljouwert yn de gouden ieu dy't yn septimber te sjen is yn it Frysk Museum.

Mei-inoar kostet it hast 50.000 euro om sa'n 3D-kaart te meitsjen en dêrom komt it HCL mei in aksje. Belangstellenden kinne in gebou fan dy kaart adoptearje foar in beskaat bedrach.

Foar hûndert euro kinne je bygelyks mei-eigner wurde fan de Aldehou. It is foar it earst dat it HCL en Aed Levwerd op dizze wize jild besykje binnen te heljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)