Littenseradiel wol mear skoallen by Deadebetinking

23 feb 2015 - 15:40
  • Joadestjer

Littenseradiel freget skoallen yn de gemeente om mei te dwaan oan de nasjonale Deadebetinking. It is dit jier santich jier ferlyn dat Nederlân befrijd waard. Dêrom wol Littenseradiel it betinkingsprogramma útwreidzje. Bern wurdt frege om in gedicht, foardracht of ferhaal te skriuwen. De bêste skriuwers meie harren bydrage foarlêze yn de tsjerke fan Mantgum. As der in soad oanmeldings komme, wol de gemeente boppedat in útstalling opsette.

Foarôfgeand oan de Deadebetinking krije alle skoallen in Anne Frank-lespakket fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)