Doutzen Kroes hâldt op as model by Victoria's Secret

23 feb 2015 - 15:18
  • Doutzen Kroes as Angel by de show fan 2014

Doutzen Kroes hâldt op as model by Victoria's Secret. Dat hat ien fan de direkteuren fan it linzjerymerk befêstige. Doutzen sels hie ferline jier al sein dat se twifele oft se noch langer as model foar Victoria's Secret wurkje woe. Oare grutte merken soene ynteresse yn har hawwe. Dat soe no neffens direkteur Razek ek de reden wêze wêrom't se ophâldt.

Doutzen Kroes hat sân jier as 'Angel' by Victoria's Secret wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)