GGD wol ûndersyk dwaan nei houtkachelreek

23 feb 2015 - 14:04
  • Kachelhout

GGD Fryslân siket minsken dy't lêst hawwe fan reek fan houtkachels fan de buorlju. De GGD wol mei it ûndersyk yn kaart bringe hoe grut oft de oerlêst is en oft de fine stof dy't dêrtroch frijkomt, skealik is foar de sûnens.

Dielnimmers krije besite fan in meiwurker fan de sûnenstsjinst. Sy krije fragen en der wurdt metten oft ek echt fine stof yn de wente oanwêzich is. Minsken dy't meidogge, bliuwe anonym. Der wurdt gjin kontakt socht mei de besitter fan de kachel of iepen hurd dy't foar oerlêst of sûnensklachten soarget.

Foar ynformaasje en oanmeldings kinne minsken kontakt opnimme mei de GGD Grinslân, 050-3674000 of stjoer in mail nei houtrook@ggd.groningen.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)