"Foarljochting oer hieltyd sterkere xtc nedich"

23 feb 2015 - 12:30

Foarljochting oer xtc is in goede saak, mar it moat wol rjochte wêze op de doelgroep, seit Ferslavingssoarch Noard-Nederlân. Dêrby moat net allinnich wiisd wurde op de gefaren, mar ek ferteld wurde hoe't minsken mei it nimmen fan de drug omgean moatte.

De polityk wol bettere foarljochting oer de hieltyd populêrdere drug xtc. Mear as de helte fan de disko- en dancefeestbesikers brûkt it, neffens ûndersyk fan it Trombos Instituut. Xtc wurdt boppedat hieltyd sterker. Ferkeard brûken kin oerferhitting, orgaanútfal en harsenskea feroarsaakje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)