Museumbesykster tas ôfpakt yn Ljouwert

(foto-ympresje) © Omrop Fryslân
In 73-jierrige frou út Amsterdam is sneintemiddei yn Ljouwert fan har tas berôve. De frou stie tegearre mei har suster foar it Frysk Natuermuseum te wachtsjen, doe't trije dieders tasloegen. De jonges, tusken de 12 en 17 jier, fytsten dêr del. Ien fan harren pakte doe de frou har tas ôf. It trio is útnaaid de kant fan de Prinsetún út.