Beammen op rotonde fan De Jouwer wurde kapt

De bosk op de rotonde fan De Jouwer wurdt dizze wike kapt. Rykswettersteat hat de romte nedich foar de oanlis fan it nije knooppunt dêr. Op it plak dêr't no de rotonde leit, komme aanst de nije op- en ôfritten te lizzen. It knooppunt sels wurdt krekt wat súdliker oanlein.
Foar de beammen dy't kapt wurde, wurde letter op in oar plak beammen werom plante. De kap duorret in wike. Der wurdt benammen nachts en bûten de spits om wurke. Dochs sil it ferkear wol wat fernimme fan it wurk,om't der sa no en dan rydstroken ôfsletten wurde moatte.