Follybalfroulju fan Snits ferspylje winst yn bekerfinale

22 feb 2015 - 17:57

De follybalsters fan Snits slaggen der snein net yn om foar de twadde kear op rige de follybalbeker te pakken. Yn de finale waard mei 3-2 ferlern fan Sliedrecht Sport. Yn Zwolle pakten de Snitser froulju de earste set mei 25-22. Ek de twadde set waard mei 25-20 in proai foar Snits.

Yn in spannende tredde set gong de winst nei in kurieus beslút fan de arbiter mei 27-29 nei Sliedrecht. Ek de fjirde set wie foar Sliedrecht (20-25). Yn de beslissende fyfde set luts Sliedrecht mei 14-16 oan it langste ein en naam dêrmei de beker oer fan Snits.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)