Utstalling yn Harns oer hoe't it earder rûkte

Yn it Hannemahûs yn Harns kinne besikers fernimme hoe't it eartiids yn de havenstêd rûkte yn de tentoanstelling 'De Parfumerie van het Harlinger Verleden'. Pakes, beppes en bernsbern rûke oan potsjes, fleskes en pûdsjes mei rookmateriaal fan earder tiden en riede wat it is. Sa is de rook fan rikke fisk, fan de garnalepufboat of it suertsjefabryk fan Frisia op de útstalling te rûken.
Ek de film 'Harlinger luchtjes' is te sjen. Yn de film fertelle Harnzers fan boppe de 80 jier oer har oantinkens oan roken fan de stêd tusken 1930-1960.