Fryske toppers yn jeugddarttoernoai yn Snits

Yn Snits is snein in darttoernoai foar de jeugd. It is de twadde edysje fan de Open Noorderwind Jeugdcup. Ferskate nasjonale en Fryske toppers dogge mei, se spylje yn trije kategoryen: junioaren, aspiranten en famkes.
It giet goed mei it Fryske jeugddarten. Wienen der fjouwer lyn mar fjouwer jeugdleden, no binne dat al hast fyftich. It Frysk dartbûn is ien fan de aktyfsten yn Nederlân. It toernoai is te folgjen fia in livestream op de Youtube-side fan it Fryske dartbûn.