Lêste tsjinst yn Marcustsjerke yn Jirnsum

22 feb 2015 - 12:23

Yn de Marcustsjerke yn Jirnsum is snein de lêste tsjinst hâlden. Yn 2011 naam biskop Gerard de Korte it beslút dat de roomsk-katolike tsjerke ticht moast om't it tal parochianen weromrint. Yn dizze lêste tsjinst gie de biskop sels foar. Mooglik wurdt de tsjerke oernommen troch de doarpskoöperaasje. Dan kin it gebou út 1965 bygelyks noch brûkt wurde foar begraffenissen.

Fan no ôf is de Maria-kapel, dy't tsjin de tsjerke oanboud is, twa kear yn de moanne iepen. De Marcustsjerke is de tredde Jirnsumer tsjerke dy't binnen tsien jier slút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)