Drachtster mislediget plysjes

22 feb 2015 - 11:57

Yn Drachten is sneontenacht in man fan 32 jier út Drachten oanhâlden. Hy hie op de Noardkade de bûtenspegel fan in taksy fernield en rûn dêrnei troch. Doe't de plysje de man oanhâlde woe, reagearre hy agressyf en misledige de plysjes. Doe't er dêr mar mei troch gie, hat de plysje de man fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)