Hûndert flessen sterke drank út Ljouwerter hok stellen
Yn Ljouwert binne 100 flessen sterke drank stellen. De konjak en de whisky stie opslein yn in hok by in wenning oan de Archipelwei. De dief hat sneontemiddei of sneontejûn syn slach slein. It is noch ûndúdlik hoe't er it hok ynkommen is. De eigener hat oanjefte dien.