Henk de Jong makket ekskús oer opmerking frouljusfuotbal

Henk de Jong © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Cambuurtrainer Henk de Jong hat snein by it programma De Tafel van Kees by FOX Sports syn ekskús oanbean oan it frouljusfuotbal. Hy makke freedtejûn by de NOS in opmerking nei de ferlerne wedstryd fan Cambuur tsjin NAC, dat dit fuotbal Cambuur ûnweardich wie. Hy sei dat op dizze wize de spilers better in stik út de broek knippe koene, sadat se rokjes oanhawwe 'en dan hebben we damesvoetbal'. Dizze opmerking skeat Vera Pauw, âld-bûnscoach fan it Nederlânsk frouljusalvetal, yn it ferkearde kielsgat.
"Beste Henk de Jong, gebruik in het vervolg een andere vergelijking om het falen van je team te duiden!'', skriuwt Pauw op Twitter. "Heeft hij wel door hoe hij hiermee meisjes wegzet? Hij zou zijn positie en verantwoordelijkheid moeten kennen!"
Henk de Jong sei snein: "Vera Pauw heeft groot gelijk. Ik bied alle vrouwenvoetballers in Nederland mijn excuses aan. Ik heb gezegd dat vrouwen voetballen in een rokje, dat bestaat niet." De Jong sei dat er neat negatyfs oer frouljusfuotbal bedoelde mei syn opmerking. Hy hope syn spilers te prikeljen. "Ik ben ook gewoon supporter van het Nederlands vrouwenelftal en heb Sherida Spitse nog getraind. Ik ben juist stapelgek met vrouwen. Maar het is 100 procent terecht dat Vera en andere vrouwen even kwaad op me waren."
Yntusken ha Vera Pauw en Henk de Jong mei elkoar belle. Neffens Pauw wie it in 'fantastisch en positief' petear. Se hat it ekskús akseptearre.