Jouster frou ferwûne nei botsing

22 feb 2015 - 10:47

By De Jouwer is in frou fan 75 jier sneontemoarn ferwûne rekke. De ynwenster fan De Jouwer kaam mei har auto fan de Iepenlaan en woe de Geert Knolweg opride, mar joech dêrby gjin foarrang. Se botste mei in auto dy't bestjoerd waard troch in 21-jierrige plakgenoat. De âldere frou is mei nekklachten mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)