Bestjoerder ûnder ynfloed fan drugs

22 feb 2015 - 10:17

In 38-jierrige automobilist is sneontenacht oanhâlden yn Ljouwert. De Ljouwerter soe ûnder ynfloed fan drugs riden ha. Syn slingerjende riden foel op. Tsjin de plysje sei er dat er begûn te slingerjen om't er in sigaret falle litten hie.

Der is in bloedproef by him ôfnommen, en yn syn auto lei in fleske mei de drugs GHB. De plysje hat syn rydbewiis yn beslach nommen en in rydferbod fan seis oeren oplein.

Trefwurden: 
plysje drugs GHB CBR
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)