LDODK lang net opwoeksen tsjin TOP

De kuorballers fan LDODK koene sneontejûn regearend lânskampioen TOP út Sassenheim net yn 'e war bringe. Yn sportsintrum Koartsweagen op 'e Gordyk waard it 30-21 foar TOP. Healwei hie LDODK de tsjinstanner noch yn it sicht: 10-14. Benammen de froulju fan TOP makken mei yn totaal 18 doelpunten it ferskil. De LDODK froulju makken der twa. LDODK stiet no op it achtste plak. OVVO en KVS binne de nûmers njoggen en tsien en komme beide noch nei De Gordyk.