Huzumer doarpstsjerke siket attributen út grêfkultuer

It baarhúske op it Huzumer begraafplak
De organisaasje achter de doarpstsjerke fan Huzum is op syk nei attributen út de âlde grêfkultuer. De tsjerke yn Ljouwert hat koartlyn in âlde lykbier krigen. Earder waard al in lykkiste makke út it dak fan it âlde baarhúske, dat wie op syn beurt wer makke fan hout fan âlde lykkisten. Doel is de kolleksje noch út te wreidzjen. Dêrby is benammen in âld deakleed wolkom. Wa't materiaal hat, wurdt fersocht kontakt op te nimmen mei de organisaasje achter de doarpstsjerke.