Douwe Amels foar fjirde kear yndoar-kampioen heechspringen

Heechspringer Douwe Amels © ANP
Heechspringer Douwe Amels út Drachten is sneon foar de fjirde kear nasjonaal yndoar-kampioen wurden. By it NK atletyk yn Apeldoorn sprong Amels as iennige oer 2.12 meter en bleau dêrmei syn konkurrinten foar. De Drachtster slagge der ferfolgens net yn om oer 2.15 meter te springen en hold dêrtroch in wat teloarsteld gefoel oer oan syn titel. Amels hie nammentlik as doel om yn de buert fan syn persoanlik rekôr te kommen. Dat stiet op 2.28 meter.
It sulver wie foar Dion van Kessel (2.09 meter), it brûns foar Dave Brandhoff (2.05 meter).
Yn totaal wie de achtste Nederlânske titel foar de Drachtster: fjouwer kear bûtendoar, fjouwer kear binnendoar