Sealfuotbalfroulju Drachtster Boys nije koprinner

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys binne de nije koprinner yn de earedivyzje nei de 10-0 winst op Drs Vijfje freedtejûn. Yn eigen hal sette Anita Vellema al nei 2 minuten spyljen de iepeningstreffer op it boerd. Marleen Reenders tekene foar de 2-0. Trije treffers fan Brenda Eefting en in doelpunt fan Jessie Prijs soargen foar in 6-0 rêststân. Yn de twadde helte rûnen de froulju fan trainer Jos Alkema út nei in hiele romme oerwinning.
Trochdat konkurrint Os Lusitanos yn Sittard ferlear fan FSG is Drachtster Boys de nije koprinner.