Marcel Keizer fan Cambuur wurdt haadtrainer by FC Emmen

21 feb 2015 - 12:20

Marcel Keizer ferhuzet mei yngong fan it nije seizoen fan SC Cambuur nei FC Emmen. Hy wurdt dêr haadtrainer. Keizer is dit seizoen by Cambuur begongen as technysk manager, mar hy kaam ta de ûntdekking dat hy toch net echt in kantoarman is. Hy wol it leafst foar de groep op it fjild stean. Dy kâns krijt hy no yn Emmen.

SC Cambuur siket no in technysk direkteur, sadat der in twakoppige lieding ûntstiet, besteande út in algemien en in technysk direkteur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)