Burdaarder sjauffeur rydt ûnder ynfloed fan GHB

21 feb 2015 - 11:53

De plysje hat sneontemoarn betiid it rydbewiis fan in 36-jierrige ynwenner fan Burdaard ynnaam. By in kontrôle by Ryptsjerk makke de man in ôfwêzige yndruk. Ut ûndersyk fan de plysje die bliken dat dat troch GHB kaam. Flak foar de kontrôle hie de man ek in flesse mei de drug út it rút fan syn auto smiten. By syn oanhâlding bekende de man ferslaafd te wêzen oan GHB.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)