Roemenen stelle klean en parfum op It Hearrenfean

21 feb 2015 - 11:02

De plysje hat freed op It Hearrenfean twa Roemeenske winkeldieven oanhâlden. De twa waarden betrape troch personiel yn in winkel yn it sintrum, mar naaiden út. Mei in Burgernetaksje koenen se letter opspoard wurde. Doe't de plysje se oanhold, hiene se stellen parfum en klean by har. De plysje hat dat guod yn beslach naam en de twa Roemenen meinaam foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)