Stille tocht tsjin ûnrjocht yn prostitúsje

21 feb 2015 - 10:16
  • De stille tocht tsjin prostitúsje begong by de Lange Piip
  • Walk for freedom

Yn de binnenstêd fan Ljouwert is sneontemiddei in stille tocht tsjin ûnrjocht yn de prostitúsje hâlden. De tocht is in inisjatyf fan de kristlike organisaasje A21 Campaign, dy't him ynset tsjin minskehannel. De organisaasje woe sa omtinken freegje foar famkes en froulju dy't ûnfrijwillich en somtiden yllegaal yn de prostitúsje bedarre binne. By de tocht hold Gert Jan Segers fan de Twadde Keamer-fraksje fan de ChristenUnie in taspraak. De tocht begong om healwei trijen op de Lange Piip, der diene sa'n 150 minsken mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)