Tal leden fan jongeskoaren rint werom

It Martini jongeskoar fan Snits siket kreative wizen om nije sjongers oan te lûken. It tal leden rint werom en nije oanwaaks is der temin. Dat is in lanlike trend: sûnt de jierren '60 is it tal (jonges)koaren mei de helte weromrûn. Yn Snits hawwe se al op ferskate wizen besocht om nije leden binnen te heljen: in ledewerfkonsert, advertinsjes en besites oan skoallen.
Meikoarten hawwe de bestjoeren fan koaren út Nederlân oerlis oer hoe't se dit probleem oanpakke kinne. Op it stuit telt it Martinikoar njoggen manlju en fjirtjin jonges.