50plus iepenet ferkiezingskantoar yn Ljouwert

50Plus
50plus Fryslân hat foar de steateferkiezings in kantoar iepene yn it sintrum fan Ljouwert. Dêrfoar kaam Henk Krol, lid fan de Twadde Keamerfraksje fan 50plus, freed nei Ljouwert ta. De politike partij wol op dizze wiize graach tichtby harren leden en kiezers stean.
Fanút de lokaasje oan de Westersingel, wol 50plus de kommende wiken harren kampanje oanstjoere. It kantoar is iepene op freed en sneon, fan twa oant seis oere.