Beheinings foar frachtferkear oer brêge Skûlenboarch

20 feb 2015 - 16:50
  • Skûlenboarch

Frachtferkear mei fan dizze moanne ôf noch mar beheind gebrûk meitsje fan brêge Skûlenboarch oer it Prinses Margrietkanaal by Jistrum. Rykswetttersteat hat nei ûndersyk konstatearre dat de draachkrêft fan de brêge ferswakt is.

Al romme tiid ûnstean der dêrtroch skuorkes yn de brêge. Dêrom meie der no allinnich noch frachtweinen mei in maksimumgewicht fan 50 ton oer de brêge ride. Dat moat boppedat mei in maksimumsnelheid fan 20 kilometer yn de oere. Takom jier moat frachtferkear omride oer in nije dyk dy't oanlein wurdt by Droegeham.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)