Verno wol mobile húskes beskilderje litte

20 feb 2015 - 15:51

It Ljouwerter bedriuw Verno Materieelverhuur siket keunstners en oare kreative minsken dy't fiif mobile húskes beskilderje wolle. Doel is dat de dixies in 'Ljouwerter' útstraling krije. De húskes wurde brûkt by allerhanne eveneminten en festivals yn en om Ljouwert.

Fan dizze maitiid ôf moatte de húskes beskildere wurde. Njonken skilders, fotografen en foarmjouwers kinne ek skoalbern en studinten meidwaan. Fan alle ynskriuwings wurde de fiif bêste plannen útkeazen.

Fan dit jier ôf oant en mei 2018 wurde der elk jier fiif mobile húskes beskildere. Mei Keningsdei moat de earste beskilderde húskes al yn Ljouwert brûkt wurde.

Trefwurden: 
keunstners dixie húske Verno
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)