Plysje hâldt winkeldief oan mei help fan Boargernet

© Omrop Fryslân
De plysje fan It Hearrenfean hat freedtemiddei mei help fan in Boargernetaksje in winkeldief oanhâlde kinnen. De man hie tegearre mei in frou in tas mei parfum stellen by de Etos. De plysje siket noch nei de frou, dy't de tas mei stellen klean en rûkersguod by har hat.
It giet om in donkere frou mei swart hier. De fertochte is 1 meter 60 lang en hat swarte klean oan.