Pelle van Amersfoort ferlingt kontrakt by SC Hearrenfean

20 feb 2015 - 13:45

Fuotballer Pelle van Amersfoort bliuwt langer by SC Hearrenfean. De fuotbalklup hat it kontrakt mei Van Amersfoort iepenbrutsen en mei trije seizoenen ferlingd. De oanfallende middenfjilder is no oant de simmer fan 2018 oan de klup ferbûn.

Van Amersfoort makke dit seizoen syn debút by SC Hearrenfean. Hy fuotballet ek yn it alvetal fan Oranje ûnder de 19 jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)