Duarte makket basisdebút yn noardlike twastriid

De Fryske twastriid fan ferline wike tsjin Cambuur hat foar SC Hearrenfean in behoarlike slitaazjeslach west. Trainer Dwight Lodeweges kin snein yn de noardlike twastriid tsjin FC Grins net beskikke oer de blessearre Sam Larsson en de skorste Kenneth Otigba.
Ek Joey van den Berg is in grut fraachteken. De middenfjilder hat de hiele wike noch net mei de groep meitraind. Syn ferfanger is nei alle gedachten Lerin Duarte, dy't yn de winterstop oerkaam fan Ajax en no syn debút yn de basis fan SC Hearrenfean makket.
Lodeweges woe freed nei ôfrin fan de besletten trainig net al te folle sizze oer de mooglike opstelling. "Ik wil Groningen niet wijzer maken". Mar it liket logysk dat Doke Schmidt sintraal yn de ferdigening opsteld stiet. Hy is de ferfanger fan de skorste Kenneth Otigba. Younes Namli sil nei alle gedachten de ferfanger wêze fan de blessearre Sam Larsson.